rigels

Hjoeddeisk Frysk

Wy nimme wurden op dy’t ûnderdiel binne fan de aktyf brûkte taal. It bestean fan it wurd kontrolearje wy oan de hân fan de sammele teksten.

Elke taal, it Frysk is dêr gjin útsûndering op, hat ek lienwurden. Hoefolle dy wurden brûkt wurde (bûten sitaten) bepaalt of it wurd opnommen wurdt.

Wannear’t in wurdfoarm opnommen wurdt, dan ek de (logyske) oare foarmen fan it wurd:
rinne, rin, rint, rûnen, rûn, rinnend (net: rinnenden)
lyts, lytse, lytser, lytst, lytskes
doar, doarren, doarke, doarkes

Ofkoartingen

Ofkoartingen dy’t net útsprutsen wurde as wurd binne net tastien:
- Maatienheden: km, ml, hl ensfh.
- Gemyske eleminten: Na, Li, He ensfh.
- Echte ôfkoartingen: jr., mr.
Mar ... wy steane dus wol wurden ta (foar in part) stavere wurde: iq, e-mail.
Wy steane wurden ta dy’t eins út losse letters bestean, mar dochs as wurd útsprutsen wurde, lykas aids, hafû, mafû.

Aksinten en net-letters

Dy ferfalle: tút wurdt tut, mei-inoar wurdt meiinoar, brân wurdt bran.

Eigennammen

Nammen fan yndividuele minsken, stêden, gebouwen, organisaasjes en produkten binne net tastien. Krekt as elk oar wurd dat mei in haadletter skreaun heart te wurden. Mar guon eigennammen binne ek in soartnamme wurde, lykas Bordeaux de bordeax fuortbringt en johnny en anita types wurden binne. Dy meie dus wol. Dat makket it soms lestich.

It kin altyd better

Wy meitsje de list hieltyd better. Dyn opmerkingen helpe dêrby.

Afûk

De Fryske wurdlist is beskikber steld troch::

De stifting Afûk stelt him as doel om de kennis en it brûken fan de Fryske taal en de belangstelling foar Fryslân te befoarderjen oan 'e hân fan û.o.: kursussen, ûntwikkeling en begelieding, tematydskriften, in útjouwerij, de Afûk-winkel, sosjale- en multimedia, kultuertoerisme en ferskate projekten as Tomke, Heit en Mem en Praat mar Frysk.